Zorii Bliss

Zorii Bliss
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Zorii Wynn
sekse froulik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt smokkelster
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Poe Dameron
Rey
geastlike heit J.J. Abrams
Chris Terrio
ûntstean 2019

Zorii Bliss, ek bekend as Zorii Wynn, is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. It personaazje waard betocht troch de senarioskriuwers fan dy film, J.J. Abrams en Chris Terrio. Zorii is in minsklike smokkelster op 'e planeet Kijimi, dy't oanhâldend omrint mei in helm op, sadat fan har gesicht inkeld har eagen te sjen binne. Hja waard yn 'e film spile troch de bekende aktrise Keri Russell, dy't it idee fan in anonym, mysterieus personaazje oantreklik fûn.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy